Baggerrace yn Aldlemmer

Yn Ald- en Nijelemmer waard sneontejûn in saneamde baggerrace holden. Dêrby moast troch sleatten en greiden goed twa kilometer ôflein wurde. Troch de hege wetterstân en dikke lagen einekroas wie de tocht frij swier.
Oan de baggerrace dienen 28 froulju en 30 manlju mei. By de manlju wûn Dolph de Haan fan Aldlemmer yn in tiid fan 14,30 minuten. By de froulju wie Melissa de Boer fan Bant de winner yn in tiid fan 19,15 minuten.