Brêge Skûlenboarch wer makke

22 jul 2007 - 08:45

De brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Skûlenboarch is wer folslein tagonklik foar it ferkear. De brêge waard sneon ramd troch in Dútse rûnfeartboat en rûn elektroanyske skea op. Dêrtroch wie it draaimechanyk ûntregele en koe it ferkear der net mear oerhinne. Monteurs ha oeren dwaande west om de skea te ferhelpen.

It is noch net bekend hoe grut de skea is. Dêr wurdt moandei fierder nei sjoen. Der is net ien ferwûne rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)