76 kear Ofslútdyk oer fytse

21 jul 2007 - 16:09

Meindert Valentijn út Noard-Hollân is dwaande mei in opmerklike toertocht. Hy wol de kommende wike 76 kear de Ofslútdyk oerfytse. Dit om't dy dyk dit jier 75 jier bestiet. Hy wol alle dagen sa'n tolve kear hinne en wer.

Sneon is er begûn en nije wike freed wol er klear wêze. Hy hie noch in oprop dien om oare minsken mei te krijen, mar dêr is gjin reaksje op kaam. De 76e rit fytst er wer werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)