Mini's op wei nei Denemarken

21 jul 2007 - 14:56

Sa'n fjirtich Mini Coopers binne sneon út Sint Nyk ôfset nei Roskilde yn Denemarken. De tocht wurdt organisearre troch de Nederlânske Miniklup. Yn Denemarken komme mear as 1000 autoleafhawwers byelkoar.

Oer de tocht dogge se sân dagen want se ride 250 kilometer per dei inkeld oer lytse dykjes. Der ride ek farianten mei lykas mini's mei bypassende karavans en karkes makke fan âlde mini's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)