Brêge Skûlenboarch ramd

21 jul 2007 - 14:48

De brêge oer it PM-kanaal by Skûlenboarch is sneon ramd troch in Dútske rûnfeartboat. By de botsing rekke net ien ferwûne. Der is wat stikken yn it betsjinningssysteem fan de brêge. Der kin dus gjin ferkear oer hinne. De beropsfeart kin der yntusken wol wer del.

Monteurs binne drok dwaande om út te finen hoe't de brêge repareard wurde kin. Hoe't it koe dat it skip tsjin de brêge fearn is, is noch ûndúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)