Rop om bestriding Jabikskrûd

21 jul 2007 - 10:37

Gemeenten en provinsje moatte alles dwaan om it giftige plantsje Jabikskrûd te bestriden. Dat wol LTO- Nederlân. Hynders en kij kinne deagean as se it plantsje ite.

De lânbou-organisaasje krijt in soad klachten fan boeren dy't it plantsje bloeien sjogge. Dit jier binne der mear as oare jierren. It plantsje is lestich út te roegjen om't it mei woartel en al út de grûn helle wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)