Wurk CORK te sjen op It H'fean

wurk fan CORK is op It Hearrenfean te sjen
Yn it museum Willem van Haren op It Hearrenfean is freed in lytse útstalling iepene mei wurk fan yllustrator Cor Hoekstra. Under de namme CORK makke er cartoons foar kranten, lykas Ljouwerter Krante. CORK makke him ein tachtiger jierren al bot soargen oer ûnder oare it miljeu en televyzjeferslaving.
Fan de goed seistûzen tekeningen dy't CORK makke, binne sa'n 200 te sjen. De útstalling duorret oant 27 augustus.