Harry Potter fljocht winkel út

21 jul 2007 - 10:16

Boekhannels ha it sneon drok mei de ferkeap fan it lêste diel út de Harry Potter-searje. Fannacht om 01.00 oere is de ferkeap begûn. Tsientallen fans leine foar de winkels om de Ingelske ferzje fan it boek sa gau mooglik lêze te kinnen. De fans wolle net wachtsje op de Nederlânske fertaling, dy't yn novimber ferwachte wurdt.

Hoe't it ferhaal ôfrint, wie oant no ta geheim. It boek einiget mei: 'All was well'. Mar oft dat foar Potter jildt?

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)