Lotting skûtsjesilen

© Omrop Fryslân
Mei de lotting foar de startposysjes op de Feanhoop en yn Earnewâld is freed it offisjele startsein jûn foar de SKS-silerij. It skûtsje fan Earnewâld hat foar moandei de earste posysje lotte. Dan folgje Súdwesthoeke, Snits, Boalsert, Wâldsein, Lemmer, Ljouwert, Drachten, Hearrenfean, Jouwer, Langwar, Heale Moanne, Huzum en as lêste Grou.
Op it wetter by Grou is sneon de earste wedstriid fan de SKS-silerij.