Perrons wurde op hichte brocht

It perron moat sa'n 18 sentimeter ophege wurde
Spoarbehearder ProRail bringt alle perrons yn Fryslân op hichte. Nei de boufak wurdt útein set mei it wurk. De oanpassing is needsaaklik omt de nije trein de Spurt fan ferfiersbedriuw Arriva net oanslút op de perrons.
Sa ha benammen minder mobile minsken problemen mei it yn- en útstappen fan de trein. It wurk moat begjin takom jier klear wêze.