De Potten neat te ferwiten

© Omrop Fryslân
Camping De Potten yn Snits docht neat ferkeards mei de toeristebelesting. It Algemeen Dagblad moat sels 10.000 eure betelje as skeafergoeding oan de Recreatie Centra Nederland, dêr't De Potten ek ûnder falt.
De krante brocht koartlyn nei bûten dat de RCN-campings tefolle belesting oplizze oan de gasten, wol seis kear mear as tastien. De rjochtbank yn Amsterdam hat no bepaald dat de publikaasje ûnrjochtmjittich west hat.