GPS-systeem foar ambulânses

20 jul 2007 - 15:14
  • Ambulânse komt te faak net op tiid

Alle 30 ambulânses in Fryslân wurde tarist mei in GPS-systeem. Sa kin de meldkeamer krekt sjen wêr't in sike- auto sit. Dat is ien fan de maatregels dy't ambulânsesoarch Frylân nimt.

De maatregels wurde nommen om dat it noch te faak bart dat in ambulânse net binnen de wetlike oanrydtiid fan 15 minuten by in ûngelok komt. 5 persint fan alle ritten mei dêr oerhinne sitte, mar yn Fryslân is dat hast 10 prosint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)