Grutte oarder foar AP vd Berg

20 jul 2007 - 13:32

It geotechnysk bedriuw A.P. van den Berg fan It Hearrenfean hat in grutte oarder út Sina krigen. Van den Berg makket apparaten dy't de seeboaiem ûndersykje. Dy binne yn Sina nedich foar de oaljeyndustry. De apparaten fan Van den Berg sille ynset wurde op boarskepen yn de Súd-Sinese see.

De oarder is ynearsten foar in bedrach fan 4,5 ton, mar Vd Berg ferwachtet yn op termyn noch folle mear boaiemûnder- sykssystemen yn Sina te ferkeapjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)