Burgumer swaait mei neppistoal
In 18-jierrige Burgumer is tongersdei yn Twizel oanhâlden om't er mei in neppistoal stie te swaaien. Omstanners tochten dat it gie om in echt wapen.
De plysje hat de man mei syn swart neimakke boartersguod pistoal meinommen nei it buro. Nei ferhoar is de Burgumer wer frijlitten.