Oanhâldings oerfal kasino's

© Omrop Fryslân
Twa froulju fan 41 en 19 jier âld út Balk binne oanhâlden op fertinking fan belutsenheid by de oerfallen op kasino's op 'e Lemmer en Balk. De wennings fan de froulju binne trochsocht.
Yn maart en maaie waarden de kasino's mei geweld oerfallen. De plysje hat earder al twa oare fertochten oanhâlden. De twa froulju dy't no oanhâlden binne wurde freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris.