Accell ferkeapet soad fytsen

Fytsfabrikant Accell op It Hearrenfean.
Fytsfabrikant Accell op It Hearrenfean hat yn de earste helte fan dit jier flink profitearre fan it goede waar. Der is in nettowinst makke fan 16 miljoen euro. Dat is seis miljoen mear as deselde perioade ferline jier. Accell ferwachtet de twadde helte fan dit jier fergelykbere omset.
De fytsemakker moat noch in boete fan 4,6 miljoen euro betelje oan de NMa fanwege makke priisôfspraken. Accell makket Batavus- en Spartafytsen.