Utstalling oer Snitsermar

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits siket moaie ferhalen, foto's en oar materiaal oer de Snitsermar en de Potten. Dy ferhalen moatte yn de simmer fan takomen jier in plakje krije op de spesjale útstalling 'Droomflucht. Oade an de Sneekermeer'.
De útstalling is it slot fan de grutte wurksamheden dy't op it stuit útfiert wurde yn it gebiet. Sa komme der nije lisplakken by it starteilân en komt der nije natoer by.