Bosk bouwe foar hynstedagen

Hynstedagen krije eigen bosk
Yn Driezum/Wâlterswâld wurdt drok wurke oan in bosk. De beammen binne nedich foar de hynstedagen foar it ûnderdiel hynstemaraton. By ien fan de hindernissen is in goudmyn útbylde, en dêr komt it bosk, fan goed 70 beammen, by.
It idee komt fan Van der Wal. Hy hat in beamroaierij. Hy lit de beammen der ek delsette. Frijwilligers helpe mei it wurk.