Jonkje ferdronken op It Fean

19 jul 2007 - 16:33

Op it Hearrefean is tongersdeitemiddei in 7-jierich jonkje ferstoarn, neidat er yn it wetter rekke wie. Hy wie oan it boartsjen by it hûs fan syn âlden oan de Ljouwerterstrjitwei doe't er troch ûnbekende oorsaak yn it wetter telanne kaam.

It jonkje is noch wol troch omstanders út it wetter helle en helptsjinsten hawwe besocht te reanimearjen, mar dat is net mear slagge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)