Cambuur ferliest fan Sofia

18 jul 2007 - 22:15

SC Cambuur-Leeuwarden hat de twadde oefenwedstryd tsjin in betelle fuotbaklub ferlern. Tsjin it Bulgaarske CSKA Sofia waard yn Oosterbeek mei 1-0 ferlern.

CSKA Sofia, dat it ôfrûne seizoen noch yn 'e Champions Leaugue spile, wie de earste helte krekt wat better. Dêrtroch makken sy yn 'e 31e minút de iennichste goal. Cambuur spile benammen de twadde helte goed en krige doe noch in pear kânskes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)