Burgumer poppestien wer teplak

De Poppestien fan Burgum stiet wer boppe de grûn. De swerfstien wie de ôfrûne jierren fuortsakke yn 'e grûn en drige hielendal te ferdwinen.
Mei in grutte kraan is de tûzenen kilo's swiere stien optild en it gat opfuld mei sân. Doe is de stien wer teplak lein, krekt as foarhinne. De Poppestien is in begryp yn Burgum. Der wurdt sein dat de poppen der ûnderwei komme.