Pinpas-fraude yn Harns

18 jul 2007 - 16:12

Acht minsken út Harns en omkriten hawwe by de plysje oanjefte dien fan fraude mei har pinpas. Fan har rekkens by de Rabobank binne fanút it bûtenlân grutte bedraggen ôfskreaun. It giet om hûnderten en soms ek tûzenen euro's.

De bedraggen waarden ôfskreaun nei't der pind wie by in túnsintrum yn Harns. De bank hat oankundige de bedraggen werom te beteljen. Om mear fraude foar te kommen binne fan tsien- tallen minsken de rekkens blokkeard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)