Foute fergunning biofergister

© Omrop Fryslân
De Raad van State hat de fergunning foar in biofergister foar in hinne- hâlderij yn Parregea ferneatige. It giet om it bedriuw Energy Egg Farm. Wûnseradiel hie in fergunning jûn, mar in omwenner hie berop oantekene, fanwege lûdsoerlêst. De Raad van State hat him gelyk jûn op grûn fan in formflater by de oanfraach.
De fergister wie bedoeld om stroom te winnen út de hinnestront. De eigner sil opnij in fergunning oanfreegje.