Gjin fergunning tankstasjon

© Omrop Fryslân
Frjentsjerteradiel hat terjochte in fergunning fan in tankstasjon yn Frjentsjer ynlutsen om LPG te ferkeapjen en op te slaan. Dat hat de Raad van State bepaald. De saak wie dêr oanspand troch Texaco en de útbater fan it tankstasjon.
De gemeente hie de fergunning ynlutsen omdat it pompstasjon te ticht by it psychiatrysk sikehûs leit. Dat mei neffens de wet net.