Sprik wer nei oar partoer

18 jul 2007 - 11:26

Keatser Herman Sprik fan Wytmarsum foarmet nei de PC in partoer mei Johan van der Meulen en Taeke Triemstra. Ferline wike hie er noch tasein om mei Simon Minnesma en Folkert van der Wei fierder te gean.

Om't Sprik de nije foarynse wurdt by Van der Meulen en Triemstra, moat Auke van der Graaf plak meitsje. Hy keatst no troch mei Minnesma en Van der Wei. Sy hiene krekt Tjitte Bonnema oan de kant set foar Sprik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)