Warkumers tsjin akkommodaasje

Plannen nije akkommodaasje earst stillein
It grutste part fan de ynwenners fan Warkum is tsjin de komst fan in multyfunksjonele akkommodaasje. Yn in enkête fan Pleatselik Belang hat 52% fan de minsken dy't meiwurke hawwe, him tsjin it nije sintrum útsprutsen.
It plan is om trije Warkumer basis- skoallen, de biblioteek, it pjutte- boartersplak en kultureel sintrum De Klameare ûnder ien dak te bringen mei in nije sporthal en in swimbad. It plan leit no earst stil.