Frou oanrand op It Fean
In 20-jierrige frou fan It Hearrenfean is tiisdeitejûn op de Geraniumstrjitte yn har wenplak oanrand. Se waard troch in har ûnbekende man achter har hûs beetpakt. Omdat se har bot fersette, naaide de man út.
De plysje is nei de melding fuortdalik mei in buertûndersyk begûn. Dat hat noch neat opsmiten.