Wallabie yn AquaZoo
Dierenpark AquaZoo yn Ljouwert hat der sûnt juster wer in nije bistesoart by. It giet om de Parma Wallabie, in lytse soarte kangoeroe. De Parma Wallabies binne de lytste yn har soart.
Yn de natuer komme se foar yn de eucalyptusbosken New South Wales yn Austraalje. Hjir yn Nederlân binne se mar yn in pear dieretunen te sjen.