Tsjûgen oerfal Somaliërs socht

17 jul 2007 - 15:17

De plysje siket tsjûgen fan de oerfal by Easterwâlde fan sneontejûn. Op de Venekoterwei waarden twa fytsende Somaliërs fan 21 en 24 jier mei in skeppe bedrige troch in automobilist dy't harren klemriden hie. Eefkes letter waarden se te foet wer klemriden, dizze kear troch in swart buske mei fiif manlju.

De slachtoffers moasten de MP3-spiler, mobyltsjes, beurs en fyts ôfjaan. De 24-jierrige krige ek noch klappen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)