Juliana nei Cambuur

© Omrop Fryslân
Fuotballer Jurrick Juliana is oant no ta de lêste nije spiler yn de seleksje fan Cambuur. At Juliana goedkard wurdt, dan tekent hy in kontrakt foar twa jier yn Ljouwert.
De 23-jierrige oanfaller hie sûnt dizze simmer gjin klub. Syn lêste wurkjouwer wie AGOVV Apeldoorn en dêr hat hy twa jier wurke mei trainer Jurrie Koolhof, dy't no by de Ljouwerters oan it wurk is.