Streek troch supermerkplannen

17 jul 2007 - 11:54

It supermerkgebou njonken it Sjûkelân yn Frjentsjer sil nea eigendom wurde fan Sjoerd Burggraaff. Dat seit Wobke Klaver fan Klaver Vastgoed yn Harns. Burggraaff woe it gebou keapje fan de famylje Bylsma, mar dat ketste ôf. Der is in rjochtsaak oer de saak oanspand.

Klaver is op dit stuit eigner fan it byldbepalende gebou. Dêrtroch kin Burggraaff de plannen foar twa supermerken en apparteminten net útfiere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)