Mienskiplik kampearbelied

17 jul 2007 - 10:34

De gemeenten Ferwerderadiel, Dongeradiel, Dantumadiel, Kollumerlân en Achtkarspelen meitsje in mienskiplik belied foar kampearen. De reden dêrfoar is dat mei yngong fan takom jier de wet op de iepenloftrekreaasje ferfalt.

Gemeenten moatte nei it ferfallen fan de wet sels regels meitsje foar it kampearen. Dêrby wurdt ek sjoen wat oerlitten wurdt oan de behearders fan kampearterreinen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)