Jonge moat finger misse

© Omrop Fryslân
In 13-jierrige jonge út Ljouwert is moandei in finger kwytrekke. Hy bleau mei de hân achter in spile fan in 2,5 meter heech stek hingjen. Dat stiet om in basketbal- en fuotbalfjild yn de Wylgestrjitte hinne. Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is net dúdlik.
Troch it ûngelok rekke de finger los fan 'e hân. Omstanners hawwe in ambulânse belle. Dy hat de jonge nei it sikehûs brocht.