Bou skoalle Wommels út ein set

© Omrop Fryslân
Yn Wommels geane tiisdei de earste peallen de grûn yn fan de brede skoalle. Der is seis jier oer praat. Yn de skoalle komme de kristlike en de iepenbiere basisskoallen. Ek is der plak foar de biblioteek, de muzykskoalle en bûtenskoalse opfang. Earder wie it ek noch de bedoeling om it swimbad der ûnder te bringen.
Yn it doarp is in protte striid levere om it nije kompleks út de grûn te stampen.