Soarchkwadrant ut it read

© Omrop Fryslân
Foar it earst yn fjouwer jier liket Soarchkwadrant Fryslân East út de reade sifers te kommen. De soarchynstelling, dêr't ek Berchhiem yn Burgum ûnder falt, draaide de ôfrûne jierren in protte ferlies. Foar 2007 wie der sels op in tekoart fan 1 miljoen euro rekkene.
Troch it ûntslaan fan 10 top-managers begjin fan dit jier, kaam der wat romte. Der wurkje 1200 minsken by it Soarchkwadrant.