Firma leit beslach op wennings

© Omrop Fryslân
Firma Burggraaff út Ljouwert hat beslach lizze litten op huzen fan 6 leden fan de famylje Bijlsma yn Frjentsjer. Dit fanwege de ferkeap fan in supermerkgebou yn Frjentsjer. It gebou njonken it Tjûkelân wie fan de famylje Bijlsma.
Ynvestearder Sjoerd Burggraaff seit in keapoerienkomst sluten te hawwen mei de famylje. Dochs is it gebou oan in oar ferkocht. Bijlsma wol net reageare op de kwestje.