Seis ton foar sjitsportsintrum

© Omrop Fryslân
It sjitsportsintrum Drachten is rêden. De gemeente Smellingerlân hat him sels garant steld foar de 600.000 euro dy't nedich is foar it finansjeel sûn meitsjen fan de feriening. Dy kaam yn finansjeel swier waar nei problemen by de bou fan de nije baan.
Om de takomst feilich te stellen is de kontribúsje ferhege. Meiïnoar hat de feriening mear as 250 leden.