UMTS-mêst Dokkum útsteld

© Omrop Fryslân
De gemeente Dongeradiel nimt foarearst noch gjin beslút oer it pleatsen fan in nije UMTS-mêst op de Feiling yn Dokkum. It kolleezje wol earst de resultaten fan in nij ûndersyk troch it ministearje fan folkssûnens ôfwachtsje. Dêr hinget it al of net pleatsen fan de UMTS-mêst fan ôf.
Minister Cramer hat koartlyn sein dat se neier útsykje wol wat no krekt de gefaren binne fan de elektromagnetyske fjilden om de mêsten hinne.