Brûns foar Oenema op 500 meter

25 mrt 2012 - 15:58

Thijsje Oenema fan De Jouwer hat sneintemiddei de brûnzen medalje pakt op de 500 meter by it WK ôfstannen yn Thialf. Op de slútdei kamen de froulju twa kear yn aksje op dizze sprintôfstân. Oenema ried yn de earste rit in geweldige tiid fan 38.16, wêrmei't se op it twadde plak einige. Op de twadde 500 meter wist se har toptiid sels noch fierder oan te skerpjen, en kaam út op 38.12. Dêrmei einige Oenema yn de twadde rit op it tredde plak.

Winneres fan de wrâldtitel waard de Súd-Koreaanse Sang-Hwa Lee. It sulver wie foar de Sinese Yu Jing.

Ek by de manlju wie der goud foar in Súd-Koreaan. Mo Tae-Bum wie krekt 0,01 sekonde rapper as Michel Mulder, dy't it sulver pakte. Mulder ried yn in formidabele twadde rit in nij baanrekôr fan 34.66. It brûns wie foar de Fin Pekka Koskela.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)