Alves by winst Brazilië

Afonso Alves (foto: Martin de Jong)
SC Hearrenfean-spiler Afonso_Alves hat mei it Brasiliaanske alvetal de Copa America wûn. Alves kaam yn de finale net oan spyljen ta. Brasilië wûn mei 3-0 fan Argentinië. Doelpuntemakkers wiene Baptista, Daniel Alves en in eigen doelpunt fan Ayala.
Earder krige de topskoarer fan 'e earedivyzje ûnder oare spylminuten yn de heale finale. Alves hat no twa wiken fakânsje foardat hy weromkomt op It Hearrenfean.