Ljipaai-kwotum is fol

25 mrt 2012 - 15:48

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten hat sneintemiddei tsjin fjouwer oere alle aaisikers mei in sms-ke wite litten dat it aaisykkwotum berikt is. Dat betsjut dat it maksimum fan 5939 ljipaaien fûn en meinommen is. It berikken fan it kwotum betsjut fuortendaliks ek de ein fan it aaisykseizoen.

It BFVW naam earder al it beslút dat moandei it neisoarchseizoen begjint. Op dat stuit wie it ljipaaikwotum noch net berikt. Der binne dit jier neffens it BFVW 4562 registrearre aaisikers. Dy meie de persoan op syn meast 15 aaien meinimme.

It BFVW makket him yntusken bot soargen oer it droege waar. Dat kin grutte gefolgen foar it al of net slagjen fan it briedseizoen.

Trefwurden: 
ljipaai aaisykjen BFVW
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)