Hamburger fyfde yn finale

15 jul 2007 - 14:30

Sjoerd Hamburger is snein yn de finale fan de wrâldbekerwedstriden roeien yn Luzern op in fyfde plak einige. De skiffeur fan Aldeberekeap moast allinnich de Sweed Karonen achter him litte. De Nij-Seelanner Drysdale waard earste, de Brit Campbell twad en de Tsjech Synek tred.

Hamburger wie sneon al wis fan in nominaasje foar de Olympyske Spelen doe't er him foar de finale pleatste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)