Slaanderij op 'e Nijstêd
De plysje hat sneintemoarn 4 manlju oanhâlden foar it plegen fan geweld. De fjouwer krigen op de Nijstêd spul mei in 28-jierrige Ljouwerter. Se joegen de man ferskate klappen. It giet om twa ynwenners fan It Hearrefean, ien út Ljouwert en ien út Eindhoven.
In 21-jierrige frou út Ljouwert is ek oanhâlden omdat se har mei de arrestaasje bemuoide.