Erkenning Open Stal-rûte

15 jul 2007 - 13:17

Einlings erkenning foar de Open Stal rûte yn Aldeberkeap. Yn it 36-jierrich bestean hat de jierlikse keunstrûte foar it earst Europeeske subsydzje krigen. It giet om in bedrach fan hast 4500 euro út Brussel. De subsydzje is eins allinnich bedoeld foar eveneminten dy't krekt opstarte.

By Open Stal wurdt twa wike lang keunst toand op ferskate lokaasjes yn it doarp. Sneon wie de iepening. Tema dit jier: It beest yn 'e keunst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)