Aaigoaien yn Sumar

Mear as tritich dielnimmers by de wedstryd aaigoaien yn Sumar
Mear as tritich dielnimmers ferskynden sneon oan de start fan de wedstryd aaigoaien yn Sumar.
It begjin wie net al te dreech mei in ôfstân fan seis meter. Hieltyd kaam der trije meter by, om sa oer de 46 meter út te kommen. In ôfstân dy't yn Blije alris goaid waard. De wedstryd is opset troch trij biljertclubs út de omkriten. Fan de opbringst wolle se nije elektroanyske skoarebuorden keapje.