Finale foar roeier Hamburger

Roeier Sjoerd Hamburger sit snein yn de finale fan de wrâldbekerwedstriden yn Luzern
Roeier Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap hat him sneon pleatst foar de finale fan de wrâldbekerwedstriden yn Luzern foar snein.
De skiffeur einige yn de heale finale as 3e. Mei it finaleplak is de Aldeberkeapster wis fan in Olympyske nominaasje. De roeier moat noch wol oan de easken fan it roeibûn foldwaan. Der foar moat Hamburger goed prestearje by de wrâldkampioenskippen yn Munchen yn augustus.