Strjitrôvers Ljouwert oppakt
Yn de Arendstún yn Ljouwert is freedtenacht in man út Den Helder fan syn jas bestellen troch twa manlju op de fyts.
Se fytsten nei de oerfal fan de man hurd fuort, mar dy draafde der efter oan. De plysje wie tafallich yn de buert en gong der ek achteroan. Op it Droevendal en de Tweebaksmarkt koene se oanhâlden wurde. De dieven binne twa Ljouwerters, fan 22 en 25 jier. Se sitte yn de sel.