Oanhâlding houseparty

14 jul 2007 - 12:01

Yn Frjentsjer is freedtejûn in 25 jierrige man oanhâlden nei in fjochtpartij op it Raadhuisplein.

Hjir waard in houseparty holden. De man hie spul krigen mei in oare besiker. Dêrby wiene ek klappen fallen. Nei alle gedachten ûntstie de rûzje nei in opmerking oer it gedrach fan de 25-jierrige Frjentsjerter. Dy foel oare besikers lestich. Troch de ynformaasje fan in pear tsjûgen koe de fertochte oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)