Ekstra banen skipswerf Makkum

© Omrop Fryslân
Yn Makkum is freedtemiddei it kasko fan in grut lúks jacht oankaam by skipswerf De Vries, it eardere Amels.
It skip is makke yn in festiging fan De Vries yn Papendrecht en is 75 meter lang. Dat it skip yn Nederlân makke is is unyk. Oars bart dat yn it bûtenlan. It is it grutste jacht dat ea troch de jachtbouwer ôfboud wurdt. Twa slepers manoeuvrearden it skip it dok yn.De bou fan dit mega-jacht smyt 45 ekstra banen op foar de helling.