Hettinga yn Kolombia
Sneon om fjouwer oere Nederlânske tiid treedt de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga op foar fyftich tûzen minsken yn in stadion yn Kolombia.
Hettinga docht dat yn ferbân mei in ynternasjonaal poëzie-festival yn de stêd Medellin. As ienige Nederlânske dichter is hy útnoege om yn it Frysk syn gedichten foar te lêzen. Earder diene Remco Campert en Gerrit Komrij dat ek al ris. Der dogge 80 dichters út lannen mei oan it festival.